Mear strafsaken foar rjochtbank

15 maaie 2003 - 00:00

De rjochtbank yn Ljouwert hat ferline jier folle mear strafsaken ôfhannele as yn 2001. Der binne yn 2002 hast 7000 strafsaken behannele. Dat is 1000 mear as it jier dêrfoar. Dat stiet yn it jierferslach dat de rjochtbank tongersdeitemoarn presintearre.

Ek hie de rjochter it folle drokker mei snelheidsoertredings, de saneamde Mulder-saken. It tal bekeurings is bot tanommen fan 56.000 nei 74.000.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)