Mear stipe nei plattelân

03 nov 2010 - 11:42

De ôfrûne twa jier binne flink mear oanfragen yntsjinne foar de pot Plattelânsprojekten. It giet om in taname fan 50 persint. De jierlikse omset fan de projekten is oprûn nei sa'n 100 miljoen oan ynvestearings yn it jier, sa meldt de provinsje.

De groei sit foaral yn de tema's plattelânsekonomy en erfgoed. Yn de njoggen jier dat Plattelânsprojekten no bestiet, ha goed 2500 inisjativen profitearre fan it subsydzjeloket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)