Mear stipe foar Oerol

19 apr 2004 - 00:00

De Raad voor Cultuur is entûsjast oer Oerol. Yn de nije, lanlike kultuernota dy't moandei bekend makke is, krijt it festival op Skylge 50.000 euro ekstra subsydzje. Organisator Joop Mulder is teloarsteld. Hy hie mear frege.

Oerol wol in fjirde part fan de kosten struktureel finansierd ha troch subsydzjes. Dat slagget no net. Neffens Mulder lûkt it bestjoer de stekker derút. Dat soe betsjutte dat dit jier it lêste Oerolfestival hâlden wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)