Mear sprieding yn bou nedich

28 apr 2007 - 12:30

Grutte bou-opdrachten moatte troch de oerheid better oer it jier spraat wurde. Dat stelde fakbûn FNV Bou sneon by in debat oer de bousektor. Ryk, provinsje en gemeenten planne no te folle opdrachten yn de simmerperioade.

Dêrtroch meitsje de boubedriuwen en it personiel in soad oeroeren wylst se yn de winter meast gjin wurk hawwe. Dat moat oars, fynt it fakbûn, want oars soe it wolris dreech wêze kinne noch genôch minsken te finen foar de bou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)