"Mear sollisitaasjeplicht"

24 sep 2007 - 10:36

It tal minsken mei in bystânsútkearing yn Ljouwert dat net ferplicht is om te sollisitearjen is te heech. Dat fynt de VVD-riedfraksje. Yn Ljouwert ha 3700 minsken in bystânsútkearing. Dêrfan hoecht sawat de helte net ferplicht wurk te sykjen.

Lanlik is 25% fan de minsken yn de bystân frijsteld fan de sollisitaasjeplicht. De VVD fynt dat it tal ûntheffingen omleech moat no't it goed giet mei de ekonomy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)