Mear soarchtoeristen nei Waad

01 jul 2009 - 14:31

Toeristen dy't troch in beheining ferlet hawwe fan ekstra soarch of spesjale aktiviteiten moatte tenei ek goed yn it Waadgebiet op fakânsje kinne. Yn Súdwest-Fryslân binne al in soad mooglikheden foar dizze groep.

Yn opdracht fan de provinsje sil Partoer ûndersykje oft der ek kânsen binne foar soarchtoerisme yn de Fryske kustgemeenten en op de Waadeilannen. It giet ynearsten om in ynventarisaasje fan gaadlike akkomodaasjes en rûtes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)