Mear SOA-testen by de GGD

05 apr 2011 - 13:02

Der hawwe ferline jier folle mear minsken har by de GGD teste litten op gelachtsykten. Sa waard der hast 1200 kear chlamydia konstatearre, hast yn de helte fan al dy gefallen giet it om froulju ûnder de 25 jier.

Sykten lykas HIV, syfilis en gonorroe wurde meast fêststeld by manlju dy't seks hawwe mei manlju. De testen wurde dien troch de eigen húsdokter of troch de GGD. By de GGD kinne minsken har ek anonomy teste litte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)