Mear smoargens op strannen

18 apr 2006 - 10:20

De Nederlânske strannen binne it ôfrûne jier smoarger wurden. Dat docht bliken út it Coastwatch-ûndersyk 2005 fan de stifting De Noordzee. Skoalbern ha goed 83 kilometer strân ûndersocht. Ek learlingen fan skoallemienskip Simon Vestdijk yn Harns diene mei oan it ûndersyk.

De skoalbern fûnen ferline jier mear smoargens as yn de tsien jier dêrfoar. It giet om 239 stiks ôffal op de strannen. Yn 2004 wiene dat der 180.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)