Mear skoallen "lekker fit!"

11 okt 2010 - 22:32

Hieltyd mear Fryske basisskoallen dogge mei oan de lesmetoade Lekker Fit! Dêrmei leare bern op in leuke manier hoe't sy sûn ite en genôch bewege kinne.

Dit skoaljier begjinne 25 basisskoallen yn de gemeenten Boalsert, Wûnseradiel en Nijefurd mei de nije metoade. De bern moatte sels opdrachten meitsje en sy krije op skoalle teory, mar ek praktykles fan gasten lykas in diëtiste en in sportdosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)