Mear skjinmakkers yn Ljouwert

10 maaie 2010 - 14:03

Ljouwert hat der moandei in tal ekstra skjinmakkers by krigen. De soarchynstellings Talant en Palet geane nammentlik mei har kliïnten ien kear wyks de buert yn om ôffal op te romjen. Doel is om minsken mei in beheining mear yn kontakt te bringen mei buertbewenners, mar fansels ek om de boel skjin te hâlden.

De gemeente Ljouwert is wiis mei it inisjatyf en joech de skjinmakkers moandei plestik pûden, heskes, wanten en in griper kado.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)