Mear skiep foar natuerbehear

23 sep 2009 - 15:03
  • Provinsje wol natuerbehear mei skiep stimulearje

De provinsje wol natuerbehear troch in keppel skiep stimulearje. Op in sympoasium yn Jobbegea is woansdei útlein hoe't it wurket. De natuer kin mei ynset fan de hoeder en syn skiep ferbettere wurde. Mei syn hûn kin de hoeder de skiep krekt stjoere. Bysûndere plantsjes en bisten bliuwe sa behâlden.

Yn Fryslân rinne no twa keppels fan goed 300 skiep yn gebieten fan Steatsboskbehear en it Fryske Gea yn Súdeast-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)