Mear skea troch stellen bus

19 jul 2010 - 10:22

De plysje tinkt dat dit wykein mear skea oanrjochte is mei in stellen Arriva-bus as no bekend is. De bus waard freedtenacht meinaam út in terminal yn Snits. Yn Warkum ried er tsjin in auto oan en yn Hylpen waard in brêge rekke. De bus waard dêrnei swier skansearre achterlitten op in parkearterrein yn Hylpen.

By it ûndersyk fan de plysje binne spoaren fan noch mear oanridings fûn. De plysje besiket der no achter te kommen wêr't dy west hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)