Mear skea: brêge Aldtsjerk bliuwt langer ticht

12 apr 2016 - 15:52
  • De brêge oer de Moark yn Aldtsjerk is wer iepen foar alle ferkear

De monumintale brêge yn Aldtsjerk bliuwt de kommende tiid ticht foar wettersporters. Dat komt omdat by herstelwurk noch mear skea oan it ljocht kaam is, oan it boppeste stik. De gemeente Tytsjerksteradiel is eigener fan de brêge en dy fynt it net ferantwurde om him iepen te dwaan.

It is noch net dúdlik hoe lang oft dy situaasje duorje sil. De gemeente wol yn alle gefallen sa gau mooglik mei de provinsje om de tafel, omdat it wettersportseizoen hast begjint. De provinsje is ferantwurdlik foar it herstelwurk oan de brêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)