Mear sjoggers Fryslân TV

12 jun 2003 - 00:00

Omrop Fryslan Tillevyzje hat it ôfrûne winterskoft noch nea safolle sjoggers hân. Dat docht bliken út ûnôfhinklik ûndersyk fan de Stifting Kijkonderzoek.

Tusken novimber ferline jier en maaie fan dit jier wie it berik 30 % grutter as yn deselde perioade fan it jier dêrfoar. Dat betsjut dat de programma's alle dagen goed 42.000 sjoggers mear lutsen. Mei yngong fan novimber ferline jier waard de stjoertiid útwreide fan in oere nei oardel oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)