Mear sikehûsopnimming Drachten troch drankmisbrûk jongerein

13 nov 2015 - 12:40
  • Nij Smellinghe yn Drachten

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten ferwachtet mear sikehûsopnimming troch it tefolle drinken fan jongeren. No't de diskoteken Feu en Champino ticht binne, wurde der nei ferwachting sels feestjes organisearre troch de pubers. Hjirtroch ferdwynt it sicht op hoefolle sy drinke.

Neffens Ineke Jonkheer fan de spoedeaskjende hulp fan it sikehûs, wurde der elts wykein al twa oant trije jongeren per nacht binnenbrocht troch it saneamde yndrinken foardat sy op stap gean. Dat is in grut probleem yn Drachten, sa seit Jonkheer.

No't de jongerein ek net mear nei de diskoteken kin, is der hielendal gjin kontrôle mear op de jongerein troch personiel fan de dûnsplakken en soe it tal komasûpers yn Drachten wolris tanimme kinne.

Gemeente Smellingerlân slút diskoteken Feu en Champino per direkt
Boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân hat woansdei besletten dat de twa Drachtster diskoteken per direkt sluten wurde. De twa diskoteken hawwe koartlyn in nije eigener krigen dy't ferplichte is om in nije drank- en hoarekafergunning oan te freegjen. Nei oanlieding dêrfan is ûndersyk dien nei de eigener. De útkomst is dat der twifele wurdt oan syn yntegriteit en dêrom krijt hy foarearst gjin fergunning foar syn diskoteken. 

Boargemaster slút Drachtster diskoteken

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)