Mear seehûnen Boschplaat

20 mrt 2009 - 17:48

It tal seehûnen op de Boschplaat by Skylge is ferline jier eksplosyf tanaam. Dat seit Staatsbosbeheer. Der waarden ferline jier 250 seehûnen telt yn it gebiet, wylst dat der in jier earder noch mar 100 wienen. Neffens Staatsbosbeheer komt de taname troch it ferbod om yn 'e simmermoannen op de Boschplaat te kommen. Dat is in wichtige perioade foar de seehûnen.

Staatsbosbeheer tinkt dat it tal seehûnen op de Boschplaat in teken is foar it tal op it hiele Waad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)