Mear seegers op Waad by Skier

19 aug 2014 - 11:15
  • Oanplanting fan nij seegers

Frijwilligers binne op dit stuit dwaande mei de tariedings foar de oanplant fan it saneamde grutte seegers yn it Waad by Skiermûntseach. It projekt fan de Waadferiening om seegers út it Dútske Waad nei ús Waadsee te heljen, rûn yn 2011 en 2012. Dat hat goed foldien en dêrom krijt it projekt in ferfolch wêrby't it gebiet mei seegers útwreide wurdt.

Oarspronklik waard der ien bunder oanplante op it Balgzand, Uithuizerwad en by Skiermûntseach. Dat wurdt mei noch in heale bunder útwreide plus noch trije bunder op in nije lokaasje by Teksel.

It seegers wurdt ein dizze moanne en begjin septimber út Dútslân by it Waadeilân Sylt helle en sa gau as mooglik útsetten yn de Nederlânske Waadsee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)