Mear SAR-flechten as oars

06 des 2010 - 12:51

De rêdingshelikopter op de Ljouwerter fleanbasis hat dit wykein de 200e rêdingsflecht fan it jier makke. De helikopter moast dit jier folle faker útfleane as oars. Ferline jier wie it 130 kear. Sneontenacht moast in frou gau nei it sikehûs ta om te befallen. Yn it MCL krige se in sûne dochter.

Oare opfallende rêdingsaksjes wiene twa fiskerlju fan in baarnend skip helje, in siler fan in sinkende skip rêde en in ôfdreaune parasjutist út it wetter helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)