Mear ruterpaden Gaasterlân

12 maaie 2004 - 00:00

De bosken fan Gaasterlân-Sleat wurde in oase foar hynderriders. Der komme nije, feiliger ruterpaden. Ek de maneezje yn Harich wurdt útwreide. Mei elkoar leit der aanst 30 kilometer oan ruterpaden yn de gemeente.

Auto's wurde sa folle mooglik keard út de bosken. Weinen moatte op in parkeartransferium delset wurde. It grutte parkearterrein foar 300 auto's wurdt oanlein by it rekreatyf hynstesintrum yn Harich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)