Mear rûpen troch waarme waar

04 jun 2011 - 12:47
  • Ikeprosesjerûp

De oerlêst fan ikeprosesjerûpen driget net allinnich ta te nimmen; it duorret ek noch langer. Dat ferwachtet saakkundige Silvia Hellingman. Neffens har binne der troch in moaie waar mear rûpen op mear plakken.

De lêste jierren binne se al yn súdeast Fryslân oantroffen. No komme se ek al ticht yn de buert fan súdwest Fryslân, mei it foar de rekreaasje sa wichtige marregebiet. De rûpen soargje foar yrritaasje fan ûnder oaren de hûd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)