Mear romte nedich foar kiste

23 mrt 2010 - 21:59

Nijbouhuzen en apparteminten moatte tenei sa makke wurde, dat de bewenners by ferstjerren maklik yn in lykkiste nei bûten brocht wurde kinne. Dat fynt de Fryske federaasje fan útfeartferienings.

De federaasje hat yn in brief oan demisjonêr minister Huizinga fan VROM frege dat mooglik te meitsjen. Hjoed-de-dei moatte der soms nuvere keunsten úthelle wurde om dejinge dy't ferstoarn is yn in kiste nei bûten te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)