Mear romte foar wetterpipermûs

30 nov 2006 - 16:15

Op it Skareilân yn de Snitsermar is tongersdei offisjeel in begjin makke mei in projekt om it leefgebiet fan 'e wetterpipermûs te beskermjen. Der wurdt in ynham makke op it eilân mei mar in bytsje wetter.

It projekt is kompinsaasje foar it oanlizzen fan ekstra stegers foar boaten by it Starteilân. Wethâlder Metz fan Snits en deputearre Mulder groeven in daam, om sa it wetter de ynham ynstreame te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)