Mear romte foar skries ûnhelber

10 apr 2003 - 00:00

De provinsje lûkt gjin tsientûzen bunder ekstra út foar it behâld fan de skries. De needsaak om mear lân beskikber te stellen as briedgebiet foar de skries wurdt wol ûnderkend. Mar mei troch jildgebrek kin de provinsje net fierder gean as tûzen bunder.

Deputearre Andriesen wol wol ûndersykje oft it mooglik is om yn de takomst boeren in lyts jildbedrach te jaan foar it frijwillich beskikber stellen fan stikken lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)