Mear romte foar greidefûgels

08 maaie 2008 - 20:24

It doel om de weromgong fan it tal greidefûgels yn 2010 te kearen, wurdt net helle. Dat seit de Fûgelbeskerming.

Dus moat it Ryk boeren yn gebieden dêr 't no noch in soad greidefûgels binne ekstra jild jaan. Mei dat jild kinne boeren it behear fan it lân en de bedriuwsfiering dúdliker as no rjochtsje op ferbettering fan de greidefûgelstân. Ek yn Fryslân komme dêr neffens de Fûgelbeskerming gebieden foar yn de beneaming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)