Mear romte foar fytsen

12 jan 2010 - 20:14

Ljouwert krijt der twa bewaakte fytsestallingen by, dy't mei-elkoar romte biede oan 1300 fytsen. De stallingen komme oan de Sint Jacobstrjitte en it Saailân. Se wurde ûnderbrocht yn twa gebouwen, dy't foar goed trije miljoen euro troch de gemeente oankocht binne.

Doel is dat de stallingen al oer in pear moannen iepen gean. Se moatte dan de besteande stalling ûnder it Saailân ferfange. Dy giet ticht fanwege de werynrjochting fan it Saailân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)