Mear resepten útskreaun

15 okt 2002 - 00:00

Yn Fryslân wurde yn trochsneed 15 prosint mear resepten foar medisinen útskreaun as yn de rest fan it lân. Dat docht bliken út ûndersyk fan de RIVM. Wêrom is net ûndersocht.

Benammen resepten foar anty-depressiva en maachklachten wurde faker útskreaun. Der wurde net mear medisinen brûkt, mar de resepten dy't útskreaun wurde, besteane út in lytsere dosis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)