Mear rekreaasje Balk en Starum

05 maaie 2004 - 00:00

Balk moat better berikber wurde foar wettersporters. Ek de kapasiteit fan de Starumer slûs moat grutter wurde. Yn it ramt fan it projekt Fryske Marren binne tal fan plannen makke. Balk en Starum binne der twa fan.

Foar bettere rekreative foarsjennings hat it ryk jild beskikber steld. Goed oardel jier lyn binne yn 'e Súdwesthoeke 240 ideeën sammele. Dat is no werombrocht nei 35 projekten fan mei elkoar mear as achttjin miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)