Mear reklameskiep yn Fryslân

13 apr 2006 - 07:09

It bedriuw Hotels.nl wol fan takom wike ôf ek yn Dokkum, Ljouwert en It Hearrenfean skiep brûke om reklame te meitsjen. By de rotonde fan 'e Jouwer rinne no al skiep mei blauwe dekjes yn 'e greide. Op de dekjes stiet reklame foar de hotelwebsite.

It bedriuw krijt dêroer safolle reaksjes, sawol postive as negative, dat it no ek reklameskiep ynsette wol op oare plakken. Boeren belje sels om harren skiep oan te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)