Mear 'reklameskiep' op De Jouwer

04 maaie 2006 - 13:42

In oare oanbieder fan hotelkeamers op it ynternet hat woansdei handich ynspile op alle publisiteit rûnom de reklameskiep by de rotonde fan De Jouwer. De gemeente Skarsterlân hat aksje ûndernommen tsjin skiep dy't dêr rinne mei in reklamedekje om.

Op it dekje stiet reklame foar in site dêr't je hotelkeamers boeke kinne. In konkurrint rûn woansdei mei in groepke minsken dy't as skiep ferklaaid wiene troch De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)