Mear reklame foar Fryslân

30 aug 2008 - 14:45

De provinsje Fryslân moat Fryslân better promoate. Dat is de konklúzje fan Anna Venema út Damwâld. Sy hat ûndersyk dien nei de kampanjes yn Fryslân dy't toeristen, bedriuwen en nije ynwenners lûke moatte. Neffens Venema is der kwalik gearhing tusken de ferskate promoasjekampanjes en dat soarget foar betizing by minsken.

De provinsje is entûsjast oer de ôfstudearskripsje en sil it nei alle gedachten brûke om de promoasje te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)