Mear reid yn Alde Feanen

21 sep 2012 - 17:00
  • Dizze minsken setten freed har hanteken ûnder de subsydzje-oanfraach

Yn Nasjonaal Park de Alde Feanen by Earnewâld moat trije kear safolle reid komme as no. Dêrtroch moat de wetterkwaliteit ferbetterje en moatte seldsume planten en bisten weromkomme, lykas de reiddomp. Omdat it wetterpeil sûnt de jierren '60 hast net mear farieart, is der hieltyd minder reid yn de Alde Feanen kommen. Dêrtroch rint ek de wetterkwaliteit werom.

It oanlizzen fan nije reidfjilden heart by in projekt fan provinsje, Fryske Gea, de gemeente Boarnsterhim en it wetterskip. Mei-inoar kostet dat 6 miljoen euro. .

De betinkers hoopje op in bydrage fan 3 miljoen fan Europa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)