'Mear radio, tv yn Noardfrysk'

03 jun 2014 - 17:52
  • Twatalich ferkearsboerd yn Noardfryslân

Dútslân moat mear wurk meitsje fan it beskermjen fan de twa lytse Fryske taalminderheden yn Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein. Dat skriuwt de Ried fan Europa yn in rapport oer it Hânfêst foar Minderheidstalen. Dútslân soe yn it foarste plak soargje moatte foar in better ûnderwiisoanbod foar it Noardfrysk en Seelterfrysk.

Fierders soe Dútslân gau wurk meitsje moatte foar in 'adekwaat' media-oanbod fan radio en televyzje yn alle minderheidstalen dy't yn Dútslân praat wurde.

Der wenje yn Sleeswyk-Holstein sa'n 10.000 sprekkers fan it Noardfrysk. Dy krewearje al jierren foar radio en televyzje yn it Noardfrysk, mar oant no ta bliuwt dat oanbod beheind ta in radiorubryk fan trije minuten yn 'e wike by de NDR. De Noardfriezen binne net de iennichste minderheid dy't oan de krapperein komt as it giet om radio en televyzje. Itselde jildt ek foar de Deenske, Platdútske, Leechsorbyske en Seelterfryske minderheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)