Mear promoasje Jabikspaad

14 maaie 2010 - 13:22
  • De Groate Kerk yn Sint Jabik

In ynformaasjesintrum yn de Groate Kerk fan Sint Jabik moat mear minsken oerhelje om it Jabikspaad te rinnen. Dat pylgerpaad rint fan Sint Jabik nei Santiago de Compostella yn NW-Spanje. Op dit stuit rinne 300 minsken yn it jier de folsleine tocht, mar dat oantal kin folle heger.

Woansdei stelde de gemeente It Bilt in ton beskikber foar de plannen foar de Groate Kerk. It is foar in opknapbeurt fan it ynterieur en foar in ynformaasjesintrum oer it Jabikspaad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)