Mear privacy deminte âlderein

19 jun 2001 - 00:00

Deminte âlderen binne opfallend nofliker en rêstiger at se op in ienpersoanskeamer wenje. Dat is de ûnderfining by ferpleechhûs Talma/Sionsberg yn Feanwâlden. Ferline jier ferhuzen hjir 60 deminte âlderen nei in ienpersoanskeamer.

Tiisdei giene wer 60 bewenners nei in ienpersoanskeamer. It ferpleechhûs hat ek in 'doarpshûs' en in 'kroech' sadat de bewenners harren thús fiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)