'Mear poppestjerte NE-Fryslân'

09 maaie 2012 - 12:10
  • De Sionsberg

Der sille yn de takomst mear lytse poppen yn Noardeast-Fryslân stjerre, as der fan 1 augustus ôf gjin befallings mear yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum mooglik binne. Dat sizze de medysk spesjalisten fan it sikehûs. De spesjalisten fine it ûnbegryplik dat de Ynspeksje fan de Sûnenssoarch en De Friesland Zorgverzekeraar it befallen yn it Dokkumer sikehûs net mear stypje wolle.

De Sionsberg hat op dit stuit fan alle Fryske sikehuzen de leechste stjertesifers by befallings: op alle tûzen berten komme mar 4,4 lytse poppen te ferstjerren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)