Mear plysjes op 'e Lemmer

21 okt 2002 - 00:00

De plysje set de lêste wiken yn de wykeinen mear minsken yn op 'e Lemmer. It is dêr nei slutingstiid, benammen yn de nacht fan sneon op snein, ûnrêstich. It útgeanspublyk fernielt dingen, stapt mei drank op achter it stjoer en nimt drank mei nei bûten. Seis ekstra plysjes moatte tafersjoch hâlde.

It ôfrûne wykein binne op 'e Lemmer njoggen minsken oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)