Mear plysje by Harkemase Boys

12 maaie 2003 - 00:00

Boargemaster Lyklema fan Achtkarspelen sil tenei mear plysjeminsken ynsette by risikofolle fuotbalwedstriden. Hy seit dat nei oanlieding fan de rellen by de wedstriid Harkemase Boys - Quick Boys.

Nei ôfrin fan de wedstriid gienen supporters mei-inoar op de fûst. Lyklema wie net op de hichte dat it in risikowedstriid wêze koe. Dêrom wiene der ek net safolle plysjes op 'e Harkema. Lyklema sil tenei sels beslisse oft in wedstriid risikofol is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)