Mear plakken CIOS Ljouwert

06 apr 2010 - 09:43

It CIOS ferdûbelet yn it nij skoaljier it tal opliedingsplakken yn Ljouwert nei hûndert. De MBO-oplieding sport en bewegen komt dêrmei temjitte oan minsken út it noarden fan Fryslân. Dy kinne mar dreech mei it iepenbier ferfier op It Hearrenfean komme.

De opliedingsplakken yn Ljouwert binne ynearsten rjochte op it earste jier fan 'e sportoplieding. Dêrnei kinne de learlingen de oplieding ôfmeitsje op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)