'Mear plak yn Cambuur-stadion'

24 apr 2014 - 12:37
  • Cambuurstadion flak foar de wedstriid Cambuur-Hearrenfean

Fanwege de grutte belangstelling foar de klup wol Cambuur in pear hûndert ekstra plakken yn it stadion realisearje. Alle seizoenkaarten foar it kommende seizoen wiene yn in wike tiid hielendal útferkocht.

Kommersjeel direkteur Ard de Graaf sjocht noch wol mooglikheden foar útwreiding yn it besteande stadion, benammen op de haadtribune. De klup wol de kommende tiid de helberheid foar it realisearjen fan mear plak ûndersykje. De feiligens yn it stadion mei troch de ekstra sitplakken net yn 'e knipe komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)