Mear otters yn Fryslân

03 apr 2014 - 12:11
  • Otter

Der komme hieltyd mear otters yn Fryslân, ek al wurde der geregeld otters deariden. Dat docht bliken út de waarnimmings fan april 2012-april 2013 troch Harry Bosma fan de Sûchbisteferiening yn Fryslân. Hy tinkt dat der no maksimaal 38 otters binne yn ús provinsje.

Ferline jier binne der 13 otters dea rekke, 12 dêrfan binne deariden. Benammen op de A6 by de Tsjûkemar sneuvelje in soad otters, omdat dat dat op harren rûte fan súd nei noard leit.

Neffens Bosma giet it boppe Snits en oan de Iselmarkust ek net goed mei de otter omdat beropsfiskers dêr gjin maatregels nimme tsjin it fersûpen fan otters yn de netten. Fan april ferline jier ôf waarden 15 jonge otters berne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)