"Mear opfangplakken foar psychiatryske pasjinten nedich"

05 nov 2015 - 13:57
  • Opfangplak fan it Leger des Heils foar psychiatryske pasjinten

Der moatte mear opfangplakken foar langere tiid komme foar minsken mei in psychiatryske sykte. It Leger des Heils seit dat dizze groep hieltiid faker tusken wâl en skip falt. Sy biede wenfoarmen oan foar minsken dy't no op strjitte belâne omdat yn de gewoane helpferliening gjin plak foar harren is.

Yn Fryslân hat it "Leger" yn Ingwierrum ien wenfoarm dêr't minsken foar in langere perioade wenje kinne en begelieding krije om it libben wer in bytsje struktuer te jaan. Dêr is plak foar 24 minsken.

Yde Bouma is ien fan de bewenners, hy wennet sûnt oardel jier yn Ingwierrum. Hy wol eins it leafst wer yn syn eigen hús wenje, mar dat slagget no noch net. En dat jildt foar mear minsken. By dizze wenfoarm wurdt net echt behannele. Der wurdt wurke oan it werombringen fan struktuer yn it libben.

Regeljouwing makket it wol hieltiid dreger foar it Leger om minsken te helpen. Sa moatte kliïnten ynskreaun stean yn it plak dêr't de opfang is. Dêrtroch falle minsken bûten de boat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)