Mear opfang yn AZC's nedich

07 sep 2007 - 12:11
  • It Drachtster AZC krijt mooglik wer mear bewenners

Besteande AZC's soene wer mear flechtlingen opnimme moatte. Dat wol it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers (COA).

Lanlik moatte hûnderten asylsikers de kommende moannen ûnderdak krije. Dat komt omdat de minsken dy't fanwege it generaal pardon yn Nederlân bliuwe meie, noch gjin eigen hûs ha. Se moatte dêr op wachtsje yn in AZC. Yn Fryslân praat it COA mei de gemeente Smellingerlân oer it AZC yn Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)