Mear opfang asylsikers nedich

15 nov 2004 - 17:11

De gemeenten yn Noard-East Fryslân rinne efter by de opfang fan asylsikers dy't bliuwe meie. De provinsje hat dêrom de gemeenten Dantumadiel, Kollumerlân en Achtkarspelen frege om yn ien kear in hiele groep fan dy saneamde statushâlders op te fangen.

De ministers Dekker en Verdonk ha deputearre Andriesen oansprutsen op it feit dat fiif Fryske gemeenten te min opfang fersoargje. Trije dêrfan lizze yn Noard-East Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)