Mear operaasjes Nij Smellinghe

26 maaie 2003 - 00:00

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten sil yn de wykeinen ekstra operaasjes útfiere. Sa wol it de wachtlisten koarter meitsje. It giet om heup-, staar- en herniaoperaasjes.

It sikehûs hat oer de ekstra operaasjes ôfspraken makke mei fersekeraar De Friesland. Nije Smellinghe is it tredde sikehûs yn Nederlân dat op dizze wize wurkje sil. It hat hjirfoar ynvintarisaasjes makke dy't ynsichtlik meitsje wat in operaasje kostet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)