'Mear oparbeidzjen yn toerisme'

03 des 2002 - 00:00

De toeristyske sektor yn Fryslân moat mear en better gearwurkje mei beropsopliedings foar toerisme. Dat is de einkonklúzje fan in gearkomste oer dit ûnderwerp, dy't moandei plakfûn op it Friesland College yn Hearrenfean.

De kundichheid fan personiel yn it toerisme moat omheech, sa docht út ûndersyk bliken. Dêrfoar moatte alle partijen yn de toeristebranche mear oparbeidzje. Ek studinten moatte faker op staazje en better begelaat wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)