'Mear omtinken Fryske terpen'

19 nov 2012 - 18:27

It ferhaal fan de Fryske terpen en de Grinzer Wierden fertsjinnet mear omtinken. Boppedat kinne omwenners mear by harren terp belutsen wurde. Mei dy ynstek binne Landschapsbeheer Friesland en Landschapsbeheer yn Grinslân op it stuit dwaande mei it opsetten fan in nij projekt.

It iene doarp docht mear mei syn terp as it oare. Neffens de inisjatyfnimmers kin dêr noch wol in kwaliteitslach yn makke wurde. It grutte ferhaal oer it ûntstean fan it lânskip moat ek better ûntsletten wurde.

Boppedat kin it terpe- en wierdegebiet better promoate wurde. Hoe't dat krekt barre moat en yn hokker streek dat úteinsette moat, is noch net dúdlik. Soks moat benammen mei de minsken yn de streek sels bepraat wurde. Der moat ek noch jild foar fûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)