'Mear omtinken foar wetterstân'

19 des 2003 - 00:00

It wetterskip en de oerheden ha de lêste fjirtich jier te min omtinken jûn oan de wetterstân yn Fryslan. Dêrtroch binne ferskate dingen misgien en dat mei yn de takomst net wer barre.

Dat sei boargemaster De Boer fan Ljouwert freed by it ôfskie fan dykgraaf Togtema fan wetterskip Fryslân. Neffens har is te folle sjoen nei de kwaliteit fan it wetter, fanwege de fersmoarging. Gefolch wie dat de wetterstân út it each ferlern is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)