'Mear omtinken bûten Rânestêd'

16 mrt 2012 - 22:04
  • PvdA

Der moat binnen de Partij van de Arbeid mear omtinken komme foar politisy fan bûten de Rânestêd. Dat seit Tjerk Voigt, hy is de kampanjelieder fan Lutz Jacobi. Freed ferlear Jacobi de ferkiezings om de nije fraksjefoarsitter fan de PvdA te wurden. Se krige mar 2,3 prosint fan de stimmen.

Tjerk Voigt is teloarsteld oer dit resultaat en hy wol dan ek dat de politisy fan it plattelân in bettere kâns fertsjinje, benammen omdat in grut diel fan de achterban fan de partij ek fan it plattelân komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)