Mear oerlêst troch jongerein yn Ljouwert

13 apr 2015 - 22:05
  • Oerlêst troch jongerein

It tal meldings fan oerlêst troch jongerein yn Ljouwert is it ôfrûne jier bot tanaam. Neffens de feilichheidsprestaasje-yndeks fan de gemeente binne der goed 30 persint mear klachten. De plysje en de gemeente kinne dêr gjin dúdlike ferklearring foar jaan. Der wie ek mear oerlêst troch drugs en fan minsken mei psychyske problemen.

De plysje en de gemeente wolle troch de jongeren direkt oan te sprekken de oerlêst ferminderje. Al mei al is Ljouwert noch relatyf feilich. De bewenners jouwe de stêd yn trochsneed it sifer 7,3.

It meast ûnfeilich fine se de Ljouwerter binnenstêd. Yn de achttjin doarpen fiele minsken harren relatyf feilich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)