Mear oerlêst iepenbier ferfier

31 mrt 2010 - 12:32

It tal ynsidenten yn Fryske treinen en bussen is yn 2009 bot tanaam. Fan 334 ynsidenten yn 2008 nei 411 yn 2009. De groeiende oerlêst komt benammen fan groepen jongeren. Dat stiet te lêzen yn de jiersifers iepenbier ferfier fan de provinsje Fryslân.

Neffens Arriva wie 2009 foar de ferfierders in goed jier. Mear treinen rieden op tiid, de passazjiers wiene tige tefreden en der stapten mear minsken yn de trein. Mar dat soarge dus ek foar mear oerlêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)